Gysbert Japix – lieten troch de Camerata Trajectina
28 augustus 2003, Frysk museum, Ljouwert (Leeuwarden)
In stelke Rânstedzjers dy’t nei Ljouwert komme om dêr Fryske ferskes te sjongen. Sa kin it dus ek!
Tusken 1500 en 1850 wie der net folle yn it Frysk skreaun. De stêdlike befolking gie oer op … in soart Hollânsk, en it Frysk waard mear en mear in taal fan boeren. Wa’t him op skrift hearje litte woe, gripe net nei in taal mei sa’n leech oansjoch.
Grutte útsûndering wie Gysbert Japix, de ‘bard fan Boalsert’. Hy naam it Frysk serjeus, tige serjeus sels, en skreau boeken fol mei Fryske ferskes. In soad fan wat wy no noch witte oer it sântsjinde-iuske Frysk witte wy troch him. En it is wisse gjin straf om der ris goed foar te sitten en lês syn boeken.
In soad Friezen witte dat ek wol, al moatte wy net freegje hoefolle fan har it lêsd hawwe. Mar witte jo ek dat dy ferskes sjoengen waarden? No?
Wy sille it noch moaier meitsje: de melodiën binne der ek by bekind. Dat tanke wy oan it oanhâldende wurk fan musikolooch Louis Peter Grijp. Troch indeloas ûndersyk wist hy fan letterlik dûzenden lieten dêr’t gjin noaten by steane dochs de melody te efterheljen. Kaam hy der net út, dan socht hy yn in databank nei in oare melody der’t de tekst op passe.
It moaie is, dat Grijp ek muzikant wie. Mei syn Camerata Trajectina koe hy ‘syn’ lieten fuortendaliks ta klinken bringe. Meast wienen dat Hollânske lieten – en dan fral Amsterdamske, want dêr stoenen de drukparsen. Hjir meitsje Grijp en de synen in útstapke nei Fryslân. De teksten, in dat tipyske sântsjinde-iuske Frysk dat ús lykwols nuver, mar dochs ek fersteanbaar yn’e oeren klinkt, wurde sjoengen troch fjouwer oprjochte Friezen, dus dat sit wol goed!